Nije geo-rûte iepene yn Aldeberkeap by Fryske Wetterliny

14 jun 2016 - 08:12

Yn Aldeberkeap wurdt tiisdei in nije geocaching-route iepene. De útsetten rûte giet by tolve plakken neist de âlde Fryske Wetterliny del. Dielnimmers kinne mei help fan koördinaten en in gps-stjoerder op syk gean nei saneamde caches. Dat binne ferburgen doaskes yn de grûn dy't op plakken lizze dêr't sa'n 400 jier lyn skânsen stienen. Yn de caches leit in ferhaal mei in tal fragen oer wat him eartiids ôfspile hat op de lokaasjes.

It idee foar in doaskes-rûte by in part fan de eardere Fryske Wetterliny del komt fan Karst Berkenbosch. De skriuwer en muzikant hat ek it materiaal foar de doaskes makke. Lânskipsbehear Fryslân hat him dwaande holden mei de oanlis fan de nijste geo-rûte fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)