Frachtwein mei asfalt kantele by De Harkema

14 jun 2016 - 06:12

De N369 by De Harkema hat moandeitenacht inkelde oeren ticht west neidat dêr in frachtwein kantele wie. De wein ferfierde asfalt. Dat kaam op de dyk telâne.

Der moast in oare frachtwein mei in kraan komme om it asfalt op te rêden. Dêrnei koe de frachtwein burgen wurde. De sjauffeur rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Asfalt De Harkema frachtwein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)