Syryske mem mei fjouwer bern oankaam yn Jorwert

14 jun 2016 - 06:00

De helte fan de grutte Syryske húshâlding dy't yn Jorwert komt te wenjen, is ferhuze nei it doarp. De mem en fjouwer bern binne moandei út it AZC yn Oisterwyk wei mei de auto nei Jorwert ta kaam. De heit en de oare fjouwer bern komme tiisdei mei de trein.

It doarpshûs fan Jorwert is de ôfrûne moanne ferboud ta wenhûs. Dat is dien troch learlingen fan it Friesland College en frijwilligers út it doarp. It inisjatyf om it doarpshûs te brûken foar in flechtlingehúshâlding komt fan fjouwer froulju út it doarp. Dêr wie draachflak foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)