Crone bliid mei ekstra kabinetsjild foar plysje en justysje

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is tige ynnaam mei it foarnimmen fan it kabinet om mear as in miljard euro beskikber te stellen foar justysje, feiligens, definsje, sûnenssoarch en ûnderwiis. Crone neamt it in blide dei. Tal fan besunigings op justysje, de plysje en de sûnenssoarch hoege no net troch te gean.
Wat de maatregels krekt foar Fryslân en de Fryske gemeenten ynhâlde, is noch net dúdlik, seit Crone. Dêr moat noch oer praat wurde.