Gemeente makket fiver Prinsetún einekroasfrij

De gemeente Ljouwert hellet lang om let it einekroas út de fiver fan de Prinsetún. Dat sil binnen twa wiken barre mei in nij, spesjaal net. It kroas smyt gefaarlike situaasjes op, omdat bern it bytiden foar gers oansjogge. De gemeente hat wolris faker besocht it einekroas fuort te krijen, mar dat slagge net.
De gemeente wol boppedat de paden yn it stedspark opknappe. By drûch waar stoot it dêr en by wiet waar lizze der wetterplassen. De gemeente kriget subsydzje foar it fernijen fan de paden, seit wethâlder Harry van der Molen.