'Knuffelpoli' yn MCL foar sike boartersguodbisten

13 jun 2016 - 19:41
  • Ko-assistinten oan it wurk op de 'Knuffelpoli' yn it MCL yn Ljouwert

Sikehûs MCL yn Ljouwert hâldt fan 'e wike wer in saneamde 'knuffelpoli'. Bern kinne dan sabeare sike boartersguodbisten delbringe. Doel fan de dei is dat bern yn 'e kunde komme mei it sikehûs, mei de apparaten en dokters. De bisten wurde ûndersocht troch dokters-yn-oplieding. Se jouwe se in spuitsje om se wer better te meitsjen.

Likernôch 1200 bern út groep trije fan basisskoallen út Ljouwert meie mei in 'siik boartersguodbist' nei de dokter ta. Alle bern krije in diploma mei nei hûs.

De dokters-yn-oplieding, dy't no hast oan de ein fan harren stúdzje binne, sizze mei de 'knuffelpoli' in soad nije ûnderfining op te dwaan yn de omgong mei jonge bern. De MCL Knuffelpoli bestiet dit jier tsien jier. It duorret noch oant en mei woansdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)