"Stek gasjild yn ûnderhâld fertutearze monuminten"

13 jun 2016 - 19:20
  • It eardere stienfabryk fan Eastrum is bot omkommen. Der sitte gatten yn it dak

Der is te min jild foar it ûnderhâld en de restauraasje fan monumintale gebouwen yn Fryslân. Dat seit wethâlder Albert van der Ploeg (CDA) yn de gemeente Dongeradiel. Hy wol dat der mear dien wurdt om fertutearzing fan de monuminten tsjin te gean.

It ûnderhâld kostet tonnen en dy binne der net troch besunigingen. Van der Ploeg wol dat mei de opbringst fan de gaswinning yn Dongeradiel in fûns oprjochte wurdt. Mei it jild út dat fûns soe dan it ûnderhâld en de restauraasje fan de ryksmonuminten betelle wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)