Rondje Ameland komt takom jier ek mei heal rûntsje fan 25 km

13 jun 2016 - 17:02
  • It Amelân

Rondje Ameland, it kuierevenemint dat it hiele eilân omgiet, komt takom jier mei in heal rûntsje. Normaal is de kuier 50 kilometer. Takom jier kinne minsken dy't dat te fier fine, meidwaan oan it heale rûntsje. De grutte kuier giet fan west nei east, fia de súdkant fan It Amelân en dan dêrnei boppe-om fia it Oerd oer it Noardseestrân fan Nes nei Ballum en Hollum.

De kuierders begjinne om fiif oere de moarns en moatte om fiif oere de middeis oer de einstreek kommen wêze, oars rinne se in medalje mis.

De edysje fan dit jier hat krekt west, op sneon 4 juny. Takom jier is de tocht op sneon 10 juny. Ynskriuwe kin fan 1 jannewaris ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)