Posysje keeperstrainer Harmen Kuperus by Hearrenfean ûnwis

Keeperstrainer Harmen Kuperus © awfoto.nl
It is ûnwis oft SC Hearrenfean trochgiet mei keeperstrainer Harmen Kuperus. Neffens syn saakwaarnimmer is it petear dat se mei-elkoar hawwe soene, al trije kear útsteld. Boppedat soe der ek praat wurde mei keeperstrainer Raymond Vissers fan Willem II. Dat is de eardere klup fan de nije Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel.
Kuperus wie de lêste twa seizoenen keeperstrainer by Hearrenfean.