Besite Willem-Alexander en Máxima is wer foarby

De besite fan it keninklik pear oan Noardwest-Fryslân is foarby. Om sawat kertier foar fjouweren stapten Willem-Alexander en Máxima foar it stedhûs fan yn Harns yn de auto. Yn Harns hawwe se op wurkbesite west by skipswerf Thecla Bodewes. Dêrnei binne se by de werf op it Steatejacht stapt, dat harren nei it stedhûs yn it sintrum fan Harns brocht.
Earder moandeitemiddei wie it keninklik pear yn Frjentsjer. Dêr besochten se it planetarium fan Eise Eisinga en it keatsfjild Sjûkelân.
Kening Willem-Alexander sei yn in reaksje dat er it in yndrukwekkende besite fûn.