Rjochtsaak oer ynfier opsette grizzlybear út Kanada wei

13 jun 2016 - 15:49
  • As in grizzlybear op de achterpoaten stiet, kin er wol 3 meter lang wêze

Undernimmer Siep Anema fan Arum wol dat de rjochter de knoop trochhakket oer de ynfier fan in opsette grizzlybear. Anema hat in masinehannel en moat foar syn wurk faak yn Kanada wêze. Twa jier ferlyn kocht er de bear dy't yn 1980 deasketten en opset is.

Mar foar de ynfier yn Nederlân hat er net de goede papieren, en sûnt dy tiid stiet de bear by de dûane. Foar de ynfier fan deade bisten moat der in bewiis komme dat it net om bedrige bistesoarten giet.

Neffens Anema syn advokaat wol Kanada wol meiwurkje om oan de goede papieren te kommen, mar dan moat de bear earst werom. En dat kin net, omdat er yllegaal yn Nederlân is en net legaal werom kin. De saak waard moandei behannele troch de rjochter. Oer seis wiken is de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)