Frou út Ljouwert oerfallen op it Droevendal

13 jun 2016 - 13:51

In 29-jierrige frou út Ljouwert is sneintenacht oerfallen. Op it Droevendal helle in man it slachtoffer yn en treau har tsjin de muorre. Hy raasde 'Give me your money' tsjin har. Doe't de frou sei gjin jild by har te hawwen, pakte de man har tas ôf. Dêrby foel de ynhâld op de grûn. Doe't de man seach dat der echt gjin jild wie, naaide er rinnendewei út.

Efkes letter hearde it slachtoffer in oar noch "Get the fuck out'' raze. Wa't dat west hat, is net dúdlik. De oerfaller hie in donkere hûdskleur en wie tusken de 28 en 35 jier âld. Hy wie tusken de 1,80 en 1,85 meter lang en droech in donkere trui en in swarte joggingbroek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)