GGD Fryslân lansearret 'GGD reist mee'-app

13 jun 2016 - 12:19

GGD Fryslân hat in nije app ûntwikkele dy't advys jout oer faksinaasjes foar de fakânsje. De 'GGD reist mee' applikaasje wurket op basis fan gps en wit dus altiten wêr't de brûker is. Sa krije je advys oer it lân wêr't je op dat momint binne. Dat wurket ek as je gjin ferbining mei ynternet hawwe.

Njonken faksinaasjes jout de app ynformaasje oer sykten dy't yn in lân foarkomme, reistips, hantliedingen en kontaktynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)