Plysje: 65 tips krigen oer sedesaak yn Blommebuert Ljouwert

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Der binne oant no ta 65 tips binnen kaam by de plysje yn ferbân mei it ûndersyk nei de sedesaak yn de Blommebuert Ljouwert. Dêr sitte ek brûkbere tips by, seit foarljochter Nathalie Schubart fan de plysje. Sa binne der ferskate nammen neamd. De saak waard tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht behannele, neidat ferline wike al in komposysjetekening frijjûn wie.
Op 22 maaie jûns om healwei tsienen belle in man oan by it 60-jierrige slachtoffer yn de Goudregenstrjitte. Hy wie earst alris by har delrûn. De frou waard seksueel misbrûkt, wêrnei't de fertochte om 12 oere wer fuortgie. De plysje hat al in grut buertûndersyk hâlden.