Plysje-ûndersyk nei ûngelok Jirnsum rint noch hieltyd

13 jun 2016 - 10:11

De plysje siket noch hieltyd nei de bestjoerder fan in wyt bestelbuske yn ferbân mei it deadlik ûngelok op de Reinerswei by Jirnsum. Op 13 april rekke in auto mei fiif jongeren fan de dyk en bedarre yn de sleat. In 14-jierrich famke út Aldehaske kaam dêrby om it libben. De bestjoerder en trije oare ynsittenden, yn 'e âldens fan 16 oant 18 jier, rekken ferwûne.

De plysje die nei it ûngelok in oprop om yn kontakt te kommen mei de bestjoerder of ynsittenden fan in wite Volkswagen Transporter dy't koart foar it ûngelok ynhelle waard troch de auto fan de slachtoffers. Tsjûgen kinne harren melde by de plysje. It ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok rint noch hieltyd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)