Kollum: ''Yn it hea''

13 jun 2016 - 08:52

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

''Kinst it dy net foarstelle ast no nei bûten sjochst, mar ôfrûne wike wiene wy yn it hea. Nei in wike fan prachtich sinneskyn waar leine der 86 hearlik rûkende heapakjes op it lân. By ús thús is dat it startskot foar in wier famyljefeest. Sterke omkesizzers en stoere skoansoannen wurde massaal troch ús heit oproppen om mei te helpen om de heapakjes op in bloedhjitte souder te krijen. Nei ôfrin wurde de hurde wurkers traktearre op kâld bier en waarme bitterballen.

Foar my betsjutte de earste heapakjes tradysjegetrou  it begjin fan de simmer. Dy swiete rook fan it hea dat leit te broedzjen yn de gleone sinne. Oeral trekkers yn it lân dy’t fan moarns ier oant jûns let swylje en skodzje. En swittende manlju op platte weinen dy’t mei grut gemak pakjes trije meter omheech smite.

As bern stiene wy eartiids fol spanning op it hiem om út te sjen nei de pakjeparse. As dy grutte trekker fan it leanbedriuw it smelle dykje yndraaide, draafden wy om it hurdst nei ús heit ta wylst we oerémis raasden fan ‘hy komt, hy komt’. De yntocht fan Sinteklaas wie der neat by. Us heit moast dan meastal noch rap mei syn lytse blauwe Ford-trekkerke de lêste wjizzen byinoar swylje. En dan kaam it hichtepunt: it pakjepoepen.

As trije lytse einepykjes draafden we efter de pakjeparse oan. Myn broer foarop, ik der efteroan en myn suske as hikkesluter. Want elk pakje dat de pers útpoepte moasten wy telle en moast ynwijd wurde mei in bokkesprong. Nei tritich pakjes hiene wy it swit dûbeldik op it gebit en rôp ús mem dat it sa wol klear wie. Yntusken wie ús heit drok dwaande om it hea fan de pakjes dêr’t de touwen fan knapt wiene, te fersprieden oer de oare wjizzen. Gjin heake soe ferlern gean.

Nei’t it lêste pakje útpoept wie, naam de hiele famylje syn startposysje yn. Us mem as sjauffeur op de trekker en de sterke mannen op en njonken de karre om de pakjes te tillen. Der is noch altyd gjin moaier gesicht as hiele famyljes dy’t yn it hea binne. De fanselssprekkendheid dat ek buorman it T-shirt útskuort om efkes mei te helpen, typearret wat hea mei ús docht. Hea ferbynt hiel Fryslân.

Oer ferbining sprutsen. In dei neidat wy de heapakjes op souder brocht hiene, begûn it EK fuotbal yn Frankryk. Wat it moaiste fuotbalevenemint fan it jier wurde moat, is no al faker yn it nijs kaam fanwegen fjochtpartijen fan hooligans as fanwegen de doelpunten fan spilers. Relskoppers slagge inoar massaal de harsens yn foar, ûnder en nei de wedstriden. It EK lit mar wer sjen dat de ferbining hjir yn Europa fier te sykjen is.

Fandêr myn foarstel. Tenei moatte al dy relskoppers foardat de wedstriid begjint mei har allen earst tsientûzen heapakjes sjouwe. Gjin geëamel, gewoan mei syn allen oan in kant fan de platte wein tegearre pakjes omheech jonasje. Nei ôfrin mei inoar proaste mei in bierke en in skaal fol bitterballen. En dan mei beswitte bealch it stadion yn. Ik bin benijd wa’t dan noch de puf hat om in oar in draai om de earen te jaan. Efkes mei syn allen yn it hea, en we lizze inoar gjin striebreed mear yn ‘e wei.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)