Willem-Alexander en Máxima op besite yn Noardwest Fryslân

13 jun 2016 - 08:40

Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima binne moandei te gast yn Noardwest Fryslân. Der is spesjaal omtinken foar de leefberens yn dizze streek dêr't befolkingskrimp problemen opsmite kin. Yn fjouwer gemeenten komt it keninklik echtpear op in grut ferskaat oan ynstellings en bedriuwen del. Sy komme dus mei in soad yndrukken en ynformaasje werom. Dizze ynfo jout de Kening troch oan syn stêf, dy't it wer opnimt mei de bestjoerders yn Den Haach.

It is neffens boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân benammen bysûnder dat sawol de Kening as de Keninginne op regiobesite komt. "As it efkes kin, dogge se dat tegearre, mar faak slagget dat net om't se beiden in drokke aginda hawwe", fertelt Bilker. Neffens him is Willem-Alexander der by dit soart besites benammen op rjochte om mei safolle mooglik minsken te praten. "Hy wol safolle mooglik aktiviteiten yn in oere dwaan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)