Inline-skater Elma de Vries hellet wer twa titels op it NK

12 jun 2016 - 21:00
  • Elma de Vries op it earepoadium by it NK yn Heerde
  • Crispijn Ariëns
  • Crispijn Ariëns

Inline-skater Elma de Vries hat in súksesfol wykein achter de rêch. Sneon waard se Nederlânsk kampioen by de puntekoers fan it inline-skaten op de baan. Snein krige se der noch twa Nederlânske titels by: by de 'one lap' en by de puntekoers op de dyk. Lisanne Buurman en Moniek Klijnstra waarden respektyflik twadde en tredde. De wedstriid wie yn Heerde (Gelderlân).

Crispijn Ariëns út Wolvegea pakte snein yn de rein de winst op de puntekoers. Twadde waard Jan van Loon en tredde Ruurd Dijkstra.

Michel Mulder, ek bekend as reedrider, wûn trije medaljes op it NK inline-skaten yn Heerde. Hy helle goud op de 300 meter en op de 'one lap' dy't yn Heerde 390 meter telt. Op de 500 meter krige er sulver. Hy moast Rick Schipper foargean litte, dy't rapper wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)