Proef mei fangstbeheining garnalefiskers is foarby

12 jun 2016 - 20:07
  • Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle

Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle. De ôfrûne twa wiken wie der in proef wêrby't se op syn heechst 72 oeren wyks fisken. De sektor hat de beheining sels ynsteld om de garnalestân wer op peil te krijen. Boppedat wolle se dêrmei in sertifikaat fan duorsumens krije.

Neffens RTV Noord hiene guon fiskers langer trochgean wollen mei de proef. Ophâlde soe pas kinne as der in bepaald tal kilo's de oere fongen wurde. Omdat de iene wike de oare net is, soe de proef langer trochgean moatte.

Boppedat wiene net alle fiskers te sprekken oer de proef. Fiskers dy't nachts altyd op it Waad foar anker lizze, ûnderfûnen de ynfolling fan de 72 oeren as net alhiel earlik. Harren slieptiid gie fan dy 72 oeren ôf, wylst fiskers dy't yn de haven leine, wol echt stilleinen kwa tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)