Kuorballer André Zwart (LDODK) wint Baas fan de Wâlden

De fjirde edysje fan it 1 tsjin 1 kuorbaltoernoai Baas fan de Wâlden is snein in proai wurden foar André Zwart fan LDODK. Yn de finale wie er syn broer Erwin Zwart te tûk ôf. Erwin skreau de foarige trije edysjes op syn namme. Jelte de Vries fan KV Quick '21 pakte yn eigen doarp it tredde plak.
Yn de regiopûl gong de winst nei Mark Nijenhuis fan Sparta Zevenhuizen. Hy wûn yn in spannende barraazje fan Alle Harm de Jong fan KC De Pein. It tredde plak wie foar Arjan Kiewiet fan kuorbalferiening Invicta.