Snits nimt kopposysje oer yn earedifyzje silen

12 jun 2016 - 15:13

Wettersportferiening Snits hat op de twadde dei fan de twadde ronde de kopposysje oernaam yn de earedifyzje silen fan Almere Centraal. Nei de silerij op de Gieseplas yn Giesbeek (Gelderlân) stiet Jachtclub Scheveningen op it twadde plak en de Roermondse Zeil- en Roeivereniging op it tredde plak.

De earedifyzje silen is in striid om it lânskampioenskip 2016. It winnende team pleatst him foar de Champions League Sailing yn 2017.

Trefwurden: 
KWS Snits earedifyzje silen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)