Nije politike partij SAM Waadhoeke yn de maak

12 jun 2016 - 13:38

In oantal leden fan de PvdA, D66, GrienLinks en de Werkgroep Het Bildt wolle as nije partij SAM Waadhoeke de grutste partij fan de nije gemeente Waadhoeke wurde. Se wolle fan begjin novimber ôf ien partij foarmje, om mei te dwaan oan de gemeenteriedsferkiezings fan novimber 2017. Takom freed wurdt in earste byienkomst hâlden yn it doarpshús fan Marsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)