Wout Zijlstra jr. pleatst foar twa ûnderdielen WK junioaren

12 jun 2016 - 12:28
  • Wout Zijstra jr., mei  syn broerke Teade en Olympysk kampioen Robert Harting

De 18-jierrige Wout Zijlstra fan Folsgeare hat sneontejûn yn Leiden by de atletykwedstriid by it diskussmiten de limyt foar de wrâldkampioenskippen helle. Hy smiet de diskus 60,76 meter fuort en helle dêrmei royaal de limyt foar it WK junioaren fan 57,50 meter. Earder helle Wout Zijlstra junior ek al de limyt foar it kûgelstjitten.

Dat betsjut dat hy no op twa ûnderdielen útkomme mei op it wrâldkampioenskip atletyk foar junioaren dat fan 19 oant en mei 24 july hâlden wurdt yn it Poalske Bydgjoszcz.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)