Squadron tefreden oer tests mei F-35

12 jun 2016 - 12:24
  • De rûnflecht fan de F-35 boppe Nederlân

It F-35-squadron sjocht tefreden werom op de testtiid. Nei trije wiken yn Nederlân set it squadron tiisdei wer ôf nei de fleanbasis Edwards yn Amearika. De tests binne folslein slagge en se hawwe in soad leare kind, fynt squadronkommandant Bert de Smit

Hy tinkt ek dat de belibbingsflechten it byld ferbettere hawwe dat minsken fan de F-35 hiene. Dat byld wie dat de strieljager soe noch net klear wêze of net geskikt wêze soe foar syn taken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)