No 12.000 hantekens tsjin gasboarrings boppe Skiermûntseach

12 jun 2016 - 12:08

Hast 12.000 minsken hawwe de online petysje tsjin de gasboarrings by Skiermûntseach ûndertekene. Minister Kamp fan ekonomyske saken hat it bedriuw Engie E&P tastimming jûn foar twa proefboarrings nei gas, sa'n sân kilometer noardlik fan it eilân.

De tsjinstanners fine in boartoer op dy ôfstân fan Skier "zeer onwenselijk" en wolle mei de petysje de minister en de Twadde Keamer op oare gedachten bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)