Harns krijt tydlike brêge oer Kimswerterdyk

12 jun 2016 - 11:01
  • De tydlike brêge is ûnderdiel fan de oanlis fan de N31

Yn Harns wurdt snein en moandei boud oan in tydlike brêge oer de Kimswerterdyk. Snein wurde de earste seis stikken teplak lein, moandei folgje de oare seis. Mei in grutte kraan wurde de ûnderdielen teplak takele.

It wurk wurdt dien yn it ramt fan de nije N31 en is nedich om aanst de tydlike bypass fan dy N31 yn gebrûk te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)