Losrinnende kij op de A7 by Terwispel

12 jun 2016 - 08:34
  • De pysje hat de kij yn in stik greide dreaun

By Terwispel rûnen sneintemoarn betiid sa'n 15 kij op de A7, se rûnen yn de rjochting fan It Hearrenfean. De plysje hat mei Rykswettersteat de de dyk yn beide rjochtings ôfsletten. De bisten koene mei help fan omstanners nei in stik greide op de Koaibosk yn Terwispel dreaun wurde. As immen wit fan wa't it fee is, dat heart de plysje dat graach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)