Elma de Vries pakt nasjonale puntekoerstitel op de baan
Elma de Vries is sneon Nederlânsk kampioen wurden by de puntekoers fan it inline-skaten op de baan. De Vries fersloech Irene Schouten en Sharon Hendriks yn de finale, sy waarden twadde en tredde. It is foar Elma de Vries alwer in titel yn in hiele lange rige, sels tinkt se dat dat der al hast 50 binne.