Mailsteuring by it UWV is wer foarby

12 jun 2016 - 07:34

De mailsteuring fan útkearingsynstânsje UWV is wer foarby. Dat melden se sneontejûn let op Twitter. Se biede harren ekskuzes oan foar it feit dat sneon in soad klanten soms wol mear as 50 mails krigen, dy't melden dat der nije berjochten klear stiene. Dat wie lykwols net it gefal. Neffens it UWV gie it om in technyske steuring, de oarsaak dêrfan is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)