Marit Bouwmeester no al wis fan medalje yn Weymouth

11 jun 2016 - 22:49

Marit Bouwmeester is no al wis fan in medalje yn it Ingelske Weymouth, De Fryske sylster dy't útkomt yn de Laser radial klasse giet snein as koprinner de ôfslutende wedstriid yn. Mathilde de Kerangat út Frankryk stiet twadde op 13 punten en Emma Plasschaert út België tredde op 19 punten.

Yn Weymouth fine wrâldbekerwedstriden plak. De sylsters kamen sneon trije kear yn aksje. Bouwmeester behelle twa kear in fyfde en in fjirde plak. Dêrmei stiet se rom foaroan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)