Nard Brandsma wint fierljeppen yn Winsum

Nard Brandsma hat sneon it fierljeppen yn Winsum wûn. Hy sette by de fyfde kompetysjewedstriid fan it seizoen in winnende sprong del fan 20.70 meter. It wie syn fjirde oerwinning fan dit seizoen. Dêrmei troefde er de Noardburgumer Hannes Scherjon ôf dy't 20.15 meter sprong. Tredde waard Sytse Bokma út Hylpen mei in ljep fan 20.04 meter.
Marrit van der Wal út It Heidenskip kaam it fierst by de froulju mei 15.98 meter. Hiske Galama waard twadde mei 15.13 meter en Akke Talsma út Brantgum tredde mei 14.11 meter.
Wietse Nauta fan Drylts wûn foar de fyfde kear op rige by de jonges, dizze kear mei in sprong fan 17.05 meter. Auke Zijlstra út Drylts waard mei in nij persoanlik rekôr fan 16.10 meter ferrassend twadde yn dizze kategory
By de famkes gie de winst nei Sigrid Bokma út Hylpen. Sy ljepte foar de earste kear oer de 15 meter: 15.01. Inge Demmer út Warkum behelle ek in magyske grins. Sy kaam sneon yn Winsum foar de earste kear fierder as 14 meter: 14.01.
Opfallend yn de topklasse fan de manlju wie dat regearjend Frysk kampioen Oane Galama en mearfâldich Frysk kampioen Bart Helmholt beiden de finale net berikten yn Winsum.
De konkurrinten fan de Hollânske fierljepbûn wienen bysûnder op dreef. Dymphie van Rooijen ljepte sneon in nij nasjonaal rekôr by de froulju: 17.50 meter. Dêrmei ferbettere se har eigen rekôr. Se makke de rekôrsprong yn it Utrechtse Zegveld
Jaco de Groot is de earste Hollanner dy't dit seizoen oer de 21 meter springt. Hy helle sneon yn datselde Zegveld de 21.04 meter.