Kimswerterdyk ôfsluten fanwege oanlis nije N31 by Harns

11 jun 2016 - 21:02

Ferkear yn Harns moat rekken hâlde mei feroarings fanwege de oanlis fan de nije N31. By de Kimswerterdyk wurdt op snein en moandei in tydlike brêge pleatst. Dêrfoar is de wei fan sneintemoarn fiif oere oant sneintejûn njoggen oere ôfsluten. Sneontejûn om seis oere is de oprit rjochting Surch ek al tichtgien. Dat duorret oant moandeitejûn alve oere.

De maatregels binne nedich om romte te meitsjen foar de oanlis fan de fernijde dyk N31. By de Kimswerterdyk wurde de op- en ôfritten ferpleatst nei in saneamde 'bypass'.

Trefwurden: 
N31 Harns dyk wei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)