Manon Kamminga wint jierpriis inline-skaten

Manon Kamminga © awfoto.nl
Inline-skater Manon Kamminga fan Haulerwyk hat de jierpriis fan it seizoen 2015 krigen. Neffens de sjuery wie it net dreech en meitsje út wa't de priis hawwe moast. Kamminga wie by de Europeeske kampioenskippen de ienichste Nederlânske rider dy't medaljes binnenhelle: fjouwer kear sulver en trije kear brûns. Yn 2013 en 2014 wie se ek al goed foar Europeeske medaljes.
Manon Kamminga krige de priis sneon útrikt op de twadde dei fan NK Inline-skaten yn Heerde.