UWV ferstjoert oan de rinnende bân e-mails

11 jun 2016 - 17:36

Ek yn Fryslân hawwe klanten fan it UWV lêst fan in mailsteuring. De útkearingsynstânsje ferstjoert hieltyd standert-mails. Op twitter falt te lêzen dat minsken sneon soms al mear as fyftich mails krigen hawwe. In Fryske klant út De Lemmer lit oan Omrop Fryslân witte yntusken op 32 mails te sitten. In famyljelid fan him hat ek safolle krige.

It UWV hat sels noch net reagearre op de saak. UWV Webcare meldt op twitter dat se sneon tusken 06.30 en 13.00 oere oan ûnderhâld dien hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)