Amarens Louwsma wurdt Frysk foarlêskampioen 2016

11 jun 2016 - 16:38

Amarens Louwsma fan Drachtster Kompenije is Frysk Foarlêskampioen 2016 wurden. De learlinge fan groep 8 fan basisskoalle De Wyngert yn Drachtster Kompenije lies freed yn hegeskoalle NHL yn Ljouwert foar út it boek Keutels by de kofje fan Auck Peanstra.

Neffens de sjuery wie by har hiel goed te hearren wa fan de personaazjes yn it ferhaal krekt oan it wurd wie. Oan de finale dienen njoggen bern mei. Winner Amarens krige in spjelde en in grut boekepakket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)