Loftmachtdagen Fleanbasis Ljouwert hawwe nea sa drok west

11 jun 2016 - 15:19

De Loftmachtdagen hawwe sneon oant no ta 170.000 besikers nei de Fleanbasis Ljouwert lutsen. Dat meldt boargemaster Crone op twitter. Freed kamen der ek al 110.000 besikers. By-inoar opteld binne dat mear as by de foarige iepen dagen fan de loftmacht yn Ljouwert. Yn 2011 kamen der 180.000 minsken yn twa dagen, no 280.000.

Der binne sneon 150 pindelbussen, 20.000 parkearplakken, ekstra treinen fan de NS en Arriva en 120 studinten befeiliging fan ROC Friese Poort ynset om de grutte stream oan besikers oan te kinnen.

De stream wie sa grut dat Definsje sneontemoarn al om 10 oere it boadskip út die om net nei Ljouwert te kommen. Gefolch wie wol lange files op de diken yn en om Ljouwert hinne. Guon minsken stean mear as twa oeren yn de file. By it treinstasjon yn Ljouwert ûntstiene lange rigen wachtsjende minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)