UPDATE: Young Solar Challenge úteinset sûnder sinneskyn

11 jun 2016 - 18:30
  • De boaten koene wol wat mear (sinne)enerzjy brûke

Yn Easterwâlde binne sneontemoarn trettjin boaten starten yn de Young Solar Challenge, in wedstriid foar boaten op sinne-enerzjy. De boaten binne troch learlingen fan skoallen út it hiele lân boud. Probleem by de start wie wol dat de sinne der net by wie. De snelheid lei dan ek noch net sa heech. Dan komt it mear oan op taktysk farren.

De boaten moatten fan Easterwâlde nei Appelskea en werom. It team fan it Bogerman College út Snits hie fuortendaliks pech, it stjoerrêd rekken stikken en dêrtroch woe de boat net rjochtút farre.

UPDATE (18:36 oere): It Lindekolleezje út Wolvegea hat de wedstriid wûn. OSG Sevenwolden út It Hearrenfean waard twadde en SGL út Lelystêd tredde.

Dêrnei is de ranglist oant en mei plak 10 sa:
4. Leeuwarder Lyceum, Ljouwert
5. Simon Vestdijk, Harns
6. Stellingwerfkolleezje, Easterwâlde
7. Bogermankolleezje, Snits
8. Emelwerda College, Emmeloord
9. CSG Dingstede, Meppel
10. OSG Sevenwolden, Grou

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)