Grutte frustraasjes yn de file foar de loftmachtdagen

11 jun 2016 - 12:01
  • File op de A31, minsken stean hjir al oeren fêst

De frustraasjes ûnder besikers fan de iepen dei fan de loftmacht nimme ta. Guon minsken stean al oeren fêst yn files op de diken om Ljouwert hinne. By it stasjon rige fan in kilometer te wachtsjen op de tassekontrôle foar de pendelbussen. Der binne hieltyd mear treinreizgers dy't rinnende nei de fleanbasis gean.

In soad minsken dy't no noch fêst stean freegje harren ôf oft der noch wol in parkearplak is en oft se noch wol op tiid komme. De organisaasje besiket om automobilisten dy't al yn de file stean toch noch teplak te krijen.

Om 10 oere die definsje al in oprop om net langer mei de auto of de trein nei Ljouwert te kommen fanwege de grutte tastream oan besikers. Dy oprop wie bedoeld om frustraasjes ûnder besikers foar te kommen. De basis is rinnende en op de fyts noch wol te berikken. Minsken kinne de fleanshow folgje fia de livestream, dy't ek op Omrop Fryslân televyzje is te sjen.

Ek op de sosjale media binne in soad reaksjes te lêzen. Marco Kleppe skriuwt op Twitter dat hy it lêste parkearplakje fûn hat. "Nu nog een paar honderd meter in de rij voor de bus. Reistijd nu 4 uur en 40 minuten." Plysjewurdfierder Anne van der Meer twitteret: "druk, heel druk. Maar wat een mooi en vooral goed georganiseerd evenement." Diana Tibben hat in hiel oare miening: "parkeren ontzettend slecht geregeld en vreselijk onaardige verkeersregelaars". Freddy Scheltema fynt de hiele iepen dagen mar neat: "hoe lang duren die rechtse hobbydagen?" freget hy him ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)