Diken om Ljouwert hinne stean fol mei fleanbasispublyk

11 jun 2016 - 09:40

De diken oan de súdwestkant fan Ljouwert stean sneontemoarn opnij fol mei besikers fan de twadde iepen dei fan de loftmacht op de fleanbasis. By de Werpsterhoeke en op de A31 en de N31 stiene om goed 9 oere al files fan sa'n 6 kilometer.

De organisaasje ropt besikers op om earst te parkearen op de terreinen by de Groene Ster, WTC en Stenden/NHL. De iepen dagen lutsen freed sa'n 100.000 besikers en sneon wurde der noch 20.000 oant 30.000 mear besikers ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)