Soad skea oan steancaravan by Langwar troch brân

11 jun 2016 - 08:47

In steankaravan oan de Pontdyk by Langwar is sneontemoarn swier skansearre rekke troch brân. De brânwacht fan Langwar hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat der in soad skea ûntstie oan de karavan. Stichting Salvage sil de skea fierder ôfhannelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)