Man (61) út Easterwâlde ferdronken yn Kompanjonsfeart

In 61-jierrige man út Easterwâlde is freedtejûn om it libben kaam neidat er by de Groote Singel yn it wetter fan de Kompanjonsfeart rekke wie. De plysje krige om alve oere hinne de melding dat der immen yn it wetter lizze soe.
Mei help fan de frijwillige brânwacht is de man derút helle. It die bliken dat er doe al ferstoarn wie. Syn fyts lei noch op de kant. De plysje tinkt dat it om in ûngelok giet.