''Ljouwert hat húsfêsting fan flechtlingen net op oarder''

10 jun 2016 - 22:55

De fraksjes fan PAL GrienLinks en de ChristenUnie fine dat de gemeente Ljouwert de húsfêsting fan ûnder oaren flechtlingen en statushâlders net op oarder hat. Ut in brief fan de saneamde 'rezjytafel', it oerlisorgaan fan oerheden en it COA, die al bliken dat de húsfêsting yn Fryslân net goed ferrint. It opfangproses rint neffens de rezjytafel efter en ferrint te stadich.

De twa Ljouwerter fraksjes fine dat de gemeente te min docht mei de brief fan de rezjytafel. Se wolle dan ek witte hoe't de gemeente op tiid en foldwaande opfangplakken realisearje sil foar statushâlders, flechtlingen en oare boargers dy't yn oanmerking komme foar sosjale hier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)