Marit Bouwmeester oan kop by Laser Radial yn Weymouth

10 jun 2016 - 22:04
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester hat de lieding naam by de wrâldbekerwedstriid Laser Radial yn it Ingelske Weymouth. De Wartense einige freed as twadde en gie dêrtroch de Sineeske Lijia Xu foarby yn it klassemint. Xu siet Bouwmeester dwers by de Olympyske Spelen yn 2012, dy't ek syld waarden yn Weymouth. Xu wûn doe it goud, wylst Bouwmeester it dwaan moast mei sulver.

Yn Weymouth is hast de folsleine ynternasjonale top oanwêzich. De wrâldbekerwedstriid is dêrom in goede test foar Bouwmeester mei it each op de Olympyske Spelen yn Rio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)