Alvestêde hurdrin-maraton úteinset yn Ljouwert

Hiel massaal is it noch net, mar der is in nij type Alvestêdetocht yn opkomst. It giet om de Alvestêde hurdrin-maraton foar ringroepen yn estafettefoarm. It rinevenemint gie freedtejûn om 19.00 oere fan start. Sneontemiddei wurde de earste dielnimmers om in oere as healwei fjouweren wer ferwachte by de Aldehou. Der dogge mei-inoar 115 minsken oan de twadde edysje fan de Alvestêde hurdrin-maraton mei.
Neffens guon fan de dielnimmers is it hurdrinnen midden yn de nacht ien fan de sjarmes fan it evenemint. Yn estafettefoarm lizze de dielnimmers 216 kilometer ôf. It folsleine parkoers moat sûnder ophâlden dravend ôflein wurde. De dielnimmers wurde begelaat troch folchauto's, dêr't ek de dravers dy't skoftsje even yn bekomme kinne. Ek is der foarsjoen yn stipe troch EHBO'ers yn it gefal fan blessueres. It is de twadde kear dat de Alvestêden Estafette hâlden wurdt.