Folop kânsen foar Fryske Paralympyske sporters yn Rio

10 jun 2016 - 20:51
  • Stefan Boersma

De Fryske Paralympyske sporters skatte harren kânsen heech yn op 'e Paralympyske Spelen yn Rio. Hurdfytster Alyda Norbruis, fuotballer Stefan Boersma en hynsterydster Rixt van der Horst hawwe allegear de ambysje om foar it poadium te gean, sa seinen se freedtejûn yn 'e útstjoering fan Bynt Sport. Foar Norbruis binne it de twadde Paralympyske Spelen yn har karriêre, foar de oare twa Paralympyske topsporters is it in nije ûnderfining.

Stefan Boersma en it Nederlânske fuotbalalvetal ferdigenje de ear fan de KNVB. Foar Van der Horst is it saak om har status as sawol Europeesk kampioen as wrâldkampioen wier te meitsjen. De Paralympyske Spelen yn it Braziliaanse Rio de Janeiro sette sân septimber útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)