''Definsje moat gjin stuntshows mear nei Ljouwert helje''

10 jun 2016 - 17:57

Definsje moat by de earstfolgjende iepen dagen gjin stuntshows mear nei Ljouwert helje. Dat fine de doarpen om de basis hinne. Se binne bot skrokken fan de crash fan de Switserske F5 fan tongersdei. De doarpsbelangen yn de doarpen hawwe in soad reaksjes binnen krigen fan minsken dy't har soargen meitsje oer de kaprioalen fan de stuntfleaners. Guon fan dy reaksjes wiene tige emosjoneel. Minsken woene sels de diken blokkearje sadat de iepen dagen fan dit wykein net trochgean koene. Dit hawwe de doarpsbelangen úteinlik foarkomme kind.

De omwenners fine dat de stuntteams tefolle risiko nimme yn in bewenne gebiet. Ek al wurdt der tasein dat de stunts net boppe minsken plak fine sille. Neffens Geert Verf fan doarpsbelang Marsum soene static shows en fly-overs better wêze. En as dat minder publyk lûke soe, soe dat neffens him ek in oplossing wêze kinne foar it logistike probleem fan parkearjen en files.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)