In nije Nederlânske munt: it Wadden Vijfje

10 jun 2016 - 16:18

Nederlân hat der in nije munt by: it Wadden Vijfje. Op dizze nije fiif-euromunt stiet wrâlderfguod it Waadgebiet sintraal. It Wadden Vijfje is de fiifde offisjele betinkingsmunt yn de searje Nederlânsk Wrâlderfguod. De earste munt waard freed slein yn it Muntgebou yn Utrecht troch Arjan Berkhuysen, de direkteur fan de Waadferiening.

It Wadden Vijfje sil in wettich betelmiddel wurde yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)