Jorritsma offisjeel foardroegen as boargemaster Eindhoven

10 jun 2016 - 16:09

De ministerried hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma freed offisjeel foardroegen as nije boargemaster fan Eindhoven. Jorritsma nimt op 7 septimber offisjeel ôfskied fan Provinsjale Steaten en de deis dêrnei fan de gewoane Friezen. In lytse wike letter wurdt er dan ynstallearre as boargemaster fan Eindhoven.

Minister Plasterk fan Binnenlânske Saken moat noch in beslút nimme oer hoe't de opfolging fan Jorritsma regele wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)