Lutz Jacobi net opnij beskikber foar Twadde Keamer

Lutz Jacobi stelt har net opnij beskikber foar de Twadde Keamerfraksje fan de PvdA. De 60-jierrige Jacobi sit no tsien jier foar de sosjaaldemokraten yn de Twadde Keamer en fynt it tiid foar wat oars. Lutz Jacobi wit noch net wat se dêrnei dwaan sil. Op de fraach oft se sollisitearje sil op de funksje fan kommissaris fan de kening, seit it keamerlid dat se dat noch net wit, mar dat it wol in ynteressante baan is. Se fynt dat de Fryske polityk te min fan de minsken is.
Jacobi fûn de middenperioade fan har keamerlidmaatskip it moaiste. Dat wie ûnder Job Cohen. Dy perioade wie it meast sosjaaldemokratysk, fynt se. De begjinperioade fûn se net leuk. De lêste perioade fynt Jacobi dreech omdat it kompromissepolityk is dy't bedreaun wurde moat. Har missy om de polityk tichter by de minsken te krijen, is neffens har wol slagge. Se naam sa'n tûzen minsken yn it jier mei nei Den Haach, út alle lagen fan de befolking.