Keninklike besite kommende moandei live by Omrop Fryslân

10 jun 2016 - 15:55

De besite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima oan Noardwest-Fryslân is kommende moandei live te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân. De kening en de keninginne geane nei Sint-Anne, Wier, Tsjummearum, Frjentsjer en Harns. Tusken tsien oere moarns en fjouwer oere middeis binne se te folgjen op radio, telefyzje, ynternet en de app fan Omrop Fryslân. Moandeitejûn om tweintich oer seizen is der op telefyzje in spesjaal programma mei in gearfetting fan de keninklike besite.

De besite fan ús kening en keninginne stiet yn it teken fan de streekaginda. Yn de streekaginda wurkje de provinsje, de gemeenten en it wetterskip gear mei ynwenners en bedriuwen oan in sterke regio. Spesjaal omtinken is der dy dei foar de leefberens yn it gebiet dat in weromrinnend tal ynwenners hat.

Mear ynformaasje oer de besite fan it keninklik pear yn Fryslân is te finen op dizze spesjale webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)